Seach ik myn 'ûs mem' -fysyk- eartiids noch ris 'regelmjittich' yn de twa moannen, sûnt de korona syn yntree dien hat is it werklik gûle mei de kraan iepen.
Ja, fansels kinne wij belje, ek mei fideo, mar da's dochs net itselde.
Wêr ûs memmeminske steefést de kamera op har kin rjochte hie, frege sy har trochgeans ôf of ik net mei oare dingen dwaande wie: 'Sil ik oars letter belje? Do bist sa drok!' ('Né mem, dat hjit multitasking').
Koartsein; neat gjin sukses.
Hoewol hja fan 'it tehûs' har sekuer oan de rigels hâldt lykas dizze troch it kabinet foarsteld wiene, foel it allegearre net mei foar ûs mem.
Har daaglikse kuier om it gebou? Ûtsletten. Famylje oer de flier? Mei net. Besite ûntfange? Allinne yn in glêzen fiskekom, ynklusyf mikrofoan.
"It is hjir soms lykas in finzenis!"
Wylst mem fan natuere in optimist is, wiene der mominten 'dat it foar har allegearre net mear hoecht'. Nee, hja hie gjin plannen, mar dochs…
Grut wie dan ek de wille doe't it 'mienskipssintrum', lykas hja harsels tsjintwurdich nimt -aldereintehûs is net mear fan dizze tiid-, de jaachline einlings sjitte liet f.w.b. it strikte korona-belied fan de lêste twa- en in heale moanne.
Offisjeel binne wy der noch net, mem mei wol allinnich nei bûten, mar winkel- en restaurantbesyk, dan wol it moetsjen fan tredden… da's allegearre (noch) net tastien.
Gelokkich ha ik myn konneksjes binnen niisneamd hûs fan seniorenbewaring, en ien dêrfan die my de suggestje om ûs mem stikem te moetsjen op in plak bûten it gebou. 'Mar dat hasto net fan mij.'
Ôfrûne sneon wie it safier: fjouwer moanne en ien- en tweintich dagen nei ús lêste, fysyke kontakt koene wy elkoar wer efkes yn de eagen sjen, ûs mem en ik.
Omearmkjen wie der noch efkes net by mar dat mei oer fjirtjin dagen faaks wer. Stap foar stap.
En sa rieden wy -ûs mem op de efterbank- nei it Grouster Teehûs, lizzend oan it Pikmar, wêr't wy nei de nedige foarsoarchs-maatregels einlings wer ris âlderwetsk de memme-soan relaasje utdjipje koene ûnder it geniet fan in Cappuccino, in Frysk Dûmpke en in himpe beslachrjemme appeltaart.
En sa wie it goed.
Dit dogge wy gau wer, ûs memmeminske! 😁